Fisken krije romte by sluzen

13 des 2012 - 12:40

By seis Iselmar-sluzen krije fisken alle romte dy't se nedich hawwe. Tongersdei ûndertekenen Wetterskip Fryslân, provinsje Fryslân en Rykswettersteat in oerienkomst om fiskpassaazjeplakken oan te lizzen. Dat hâldt yn dat derby seis sluzen spesjale lûken komme, sadat fisken fan de iene kant nei de oare kant komme kinne. Dit is wichtich om de fiskstân goed te hâlden, mar soarget der ek foar dat de wetterkwaliteit goed bliuwt. Mei-inoar stekke de trije partijen goed 500.000 euro yn it projekt.

De fiskpassaazjeplakken wurde by de Iselmar oanlein yn Starum, Makkum, Warkum, Hylpen en De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)