Omrop-app foar Android tablets

De Omrop Fryslân Android App foar tablet © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Omrop Fryslân hat in nagelnije applikaasje ûntwikkelje litten foar Android tablets. Yn de app stiet it regionale nijs út Fryslân sintraal. Ek binne de radio- en televyzje-útstjoerings live fia de app te folgjen. It formaat fan it skerm biedt de sjoggers de mooglikheid om foto's en fideo full-screen te besjen. Ek it waarberjocht fan Piet Paulusma is te finen op de nijste Omrop-app.
Omrop Fryslân fynt it wichtich om oanwêzich te wêzen op safolle mooglik mobile platfoarms. Earder waard al in spesjale app ûntwikkele foar de iPad fan Apple.
It tal besiken dat fia de mobile apps, fia de smartphones en de tablets op de site fan Omrop Fryslân telâne komt, nimt eksplosyf ta. Sûnt de lansearring fan de ferskate apps earder dit jier, is it tal mobile besiken hurd groeid. Yntusken wurde der alle moannen hûnderttûzenen mobile besikers teld. De direksje fan de Omrop ferwachtet dat, mei de komst fan de nije Android-app, de groei wer in nije ympuls krije sil. Mei de lansearring fan de Android-app foar tablets is Omrop Fryslân op alle grute mobile platfoarms oanwêzich.
De apps fan Omrop Fryslân binne ûnderdiel fan in gearwurkingsprojekt fan tolve regionale omroppen. Earder dit jier waarden yn dat gearwurkingsferbân ek de apps foar de iPad, iPhone en de Android-smartsphones útbrocht. Dy apps waarden sels beleanne mei de Media App Award 2012. Mei dy priis lieten de regionale omroppen bedriuwen as Nu.nl, RTL en BNR efter harren.
De nije app foar de Android tablets is fan no ôf fergees te downloaden fia de Android Market. Ek de apps foar iPhone en Android telefoans binne fergees te downloaden.