Dwerse Ljouwerter oppakt

13 des 2012 - 11:19

Yn Ljouwert is woansdeitejûn in 24-jierrige man út dat plak oanhâlden, omdat er net meiwurkje woe oan in plysjekontrôle. Plysjes seagen de man op it Zwitserswaltje yn syn auto sitten en woene him kontrolearje. Doe't se him oansprutsen, seagen de plysjes dat er gau wat ferstopje woe. Se fregen him om út te stappen en syn hannen sjen te litten. Dat woe de man net, wêrop't de plysjes him sels mar út de auto hellen. Dêrby fersette de man him. Hy is meinaam nei it buro. Yn de auto fûn de plysje úteinlik in mes, dat is yn beslach naam.

Trefwurden: 
dwerse man
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)