Oarsaak ûngelok noch ûnbekend

13 des 2012 - 09:46

It is noch net krekt dúdlik hoe't it ûngelok barre koe, dêr't woansdei yn Droegeham fjouwer minsken ferwûne by rekke binne. De bestjoerder, in man fan 25 jier út Koatstertille is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs yn Grins brocht. De oare trije binne nei sikehuzen yn Ljouwert en Drachten brocht. De man út Koatstertille rekke op de Kromelle de macht oer it stjoer kwyt. Hij slipte en botste tsjin in beam. By de helpferliening waarden fiif ambulânses ynset, en de brânwacht en in mobyl medysk team waarden ek ynskeakele.

De dyk hat lang ôfsletten west foar it ferkear. De plysje siket noch út hoe't it allegear krekt gebeure koe.

Trefwurden: 
ûngelok Droegeham
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)