Opnij glêde diken troch snie

Snie op de sneldyk © Scoopshot, Guido Duiven
Ferkear moat der rekken mei hâlde dat it glêd is op de dyk. Dêr warskôget de plysje foar. Der ha tongersdeitemoarn betiid in pear lytse oanridinkjes west. Foaral op de Wâldwei en op de A7 rjochting Grins is it neffens de plysje gefaarlik, mar rûnom moat it ferkear de snelheid oanpasse, fanwege de snie en de glêdens.