Fúzje gastâlderburo Drachten

Gastouderburo Friesland út Drachten sil fusearje mei in gastâlderburo út Culemborg. Woansdei binne dêr de hântekens foar set. It Drachtster bedriuw sit al in pear moanne yn de problemen. Sa soene gastâlders fierstente let betelle krije.
De gemeente Smellingerlân, dy't tafersjochhâlder is, hie it bedriuw in ultimatum steld. Der moast foar 1 desimber in gearwurkingskandidaat wêze, oars kaam der in twangsom. Neffens de gemeente hat it bedriuw dêr oan foldien. Direkteur Van den Brink fan it buro seit dat de gastâlders ynkoarten har jild krije.
Smellingerlân sil it bedriuw út Culemborg noch ûndersykje, en ek it lêste GGD-rapport wurdt noch ôfwachte, mar de gemeente hat fertrouwen yn de gearwurking.