Hûs wekt enerzjy op

12 des 2012 - 21:56

Yn Ljouwert wurdt in hûs boud dat net allinnich enerzjysunich is, mar sels mear enerzjy opwekt asn dat der brûkt wurdt. Dat bart mei in nije ferzje fan de bekende sinnepanielen en troch ferwaarming op elektrisiteit.

It idee foar it hûs komt út Sweden, mar is troch it Ljouwerter bedriuw Planhus oerbrocht nei Nederlân. It is it allerearste hûs yn Nederlân dat sa boud wurdt en as it foldocht dan is it de bedoeling dat der in folsleine wenwyk fan boud wurdt. De wente wurdt twa jier lang yn de gaten hâlden troch studinten fan de NHL.

Trefwurden: 
enerzjy duorsume enerzjy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)