Ungelok by Droegeham

12 des 2012 - 16:43

Op in krusing yn de Kromelle by Droegeham is woansdei in auto mei fjouwer ynsittenden tsjin in beam riden. Helptsjinsten binne dwaande de fjouwer út de auto te heljen. Ien fan har wurdt, sjoen de swierte fan de ferwûnings, oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Hoe slim oft de oare trije der oan ta binne, is noch net dúdlik.

Foar de helpferliening wurde ûnder oare fiif ambulânses ynset, ek is de brânwacht en in mobyl medysk team oproppen. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. Der wie gjin oare auto by belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)