Huzen oan N381 isolearje

12 des 2012 - 16:32

De nije N381, de dyk fan Drachten nei de Drintske grins, leit der pas oer trije jier. Yn Wynjewâld is woansdei al begûn mei it isolearjen fan njoggen huzen fanwege de ferwachte lûdshinder troch it ferkear. Deputearre Poepjes hat de earste isolaasjeplaten fêstmakke op de souderkeamer fan de famylje Meijer. Har hûs oan de Kompanjonsfeart leit ticht op it nije trasee fan de N381. Dat betsjut yn de takomst lûdshinder. De provinsje wol der no al wat oan dwaan. It wurk moat april takom jier klear wêze.

De provinsje tinkt dat der net mear huzen oan it trasee sa bot isolearre wurde moatte as no yn Wynjewâld.

Trefwurden: 
N381
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)