Tsjûge brân Easterstreek socht

De leechsteande pleats wie net mear te rêden © Remon Koene
De plysje siket twa minsken dy't mooglik mear witte oer in brân yn in wenbuorkerij yn Easterstreek. De pleats brânde ferline wike tongersdeitenacht folslein út, mooglik as gefolch fan brânstifting. Nei oanlieding fan ferklearrings fan tsjûgen siket de plysje no in man fan in jier as fjirtich, dy't rinnende op in fytspaad yn 'e buert sjoen is. Ek wurdt in persoan socht dy't yn in Volkswagen siet.