Skeaclaim fan EVT ôfwiisd

Fearboat Spathoek fan de EVT
De EVT krijt gjin skeafergoeding fan de steat, de gemeente Skylge en rederij Doeksen. Dat hat de rjochtbank bekend makke. De EVT woe tolve miljoen fan de trije partijen. De EVT fielt him troch har tsjinwurke by it útfieren fan de fearferbining tusken Skylge en Harns. It bedriuw soe dêrtroch flinke skea hân hawwe. Neffens de rjochtbank is dêr gjin inkeld bewiis foar.
Direkteur Haantjes fan de EVT fynt de útspraak spitich. Hy sil de útspraak besjen oft de feartsjinst yn heger berop gean sil. Haantjes bliuwt derby dat de EVT tsjinwurke is.