Omrop komt mei rige oer Thialf

12 des 2012 - 13:55

Provinsjale steaten nimme woansdei 19 desimber nei jierrenlang praten in beslút oer de takomst fan Thialf op It Hearrenfean. Stelt de provinsje 50 miljoen euro beskikber of net? En hoe wurdt dat jild bestege, yn ien 400-meterbaan of twa? De provinsje wol dat Fryslân mei it nije Thialf it ûnbetwiste reedridersmekka fan de wrâld bliuwt. Omrop Fryslân stjoert op radio en televyzje in rige fan fjouwer dielen út oer de komst fan it nije Thialf. Yn diel 1 wurdt de beslútfoarming oant no ta op in rychje set.

Yn de earste ôflevering in rekonstruksje fan it ferhaal oant no ta. Thialf is it reedrydparadys fan de wrâld, al fan de jierren santich ôf. Earst sûnder dak, letter kaam it dak derop. Nei 25 jier is Thialf ferâldere. Der moat wat barre om de konkurrinsje mei oare lannen oan te kinnen. Yn 2008 komme de earste lûden, fan net de minsten. Dan begjint de tombola fan opsjes. Trije opsjes binne der. It âlde Thialf fernije foar 50 miljoen of noch wat goedkeaper en soberder foar 38 miljoen euro. Of nijbou by it Abe Lenstra stadion foar 100 miljoen euro. De fraach is wa't dit betelje sil. De deputearre docht in berop op de lanlike polityk. Mar de steaten fine 100 miljoen foar nijbou fierstente djoer. Nei twa jier praten kieze de provinsjale politisy foar fernijbou fan Thialf. 50 miljoen, foar in moaie nije baan, wêrfan't 20 miljoen euro foar rekken komt fan de provinsje. Yn july begjint de lobby út de reedriderswrâld wer te wurkjen. Mei alwer in nije fariant, twa banen op it âlde plak. In wedstriidhal en in topsporttrainingsbaan. Deputearre Konst komt yn novimber mei it foarstel fan twa banen mei de kosten fan 106 miljoen euro. Mar ek dit plan liket no fan de baan. Yn de kommisjegearkomste ferline wike waard dúdlik dat dit plan gjin mearderheid krijt. De PvdA wol no 50 miljoen euro stekke yn fernijbou fan de besteande hal.

Tongersdei folget diel 2 fan de rige oer Thialf, dan stiet de fraach sintraal wa't de macht hat. Is dat de provinsje of it reedridersbûn KNSB?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)