'Sjoch nei belang Noarden'

12 des 2012 - 12:41

Politisy yn it Noarden sjogge te bot nei it belang fan de eigen provinsje. Se moatte ek nei it Noarden as gehiel sjen. Dat seit Paul Elhorst, heechlearaar Regionale Economie oan de Ryksuniversiteit fan Grins. As foarbyld neamt er bestriding fan de wurkleazens. Elhorst die ûndersyk en kaam der achter dat in taname fan de wurkleazens yn Grinslân flink negative gefolgen hat foar Fryslân. Ek Fryslân hat der dus belang by dat it goed giet mei de wurkgelegenheid by de buorlju.

Ien prosint ekstra wurkleazens yn Grinslân kostet de maatskippij 120 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)