Fryske portretten nei Limburch

12 des 2012 - 11:55
  • Portret Saskia Uylenburg
  • Sophia Anna van Pipenpoy

De portretten fan Saskia van Uylenburgh en Sophia Anna van Pipenpoy wurde opknapt. De wurken meitsje diel út fan in restauraasjeprojekt fan it Fries Museum. Yn Limburch wurde no seis keunstwurken restaurearre. Earder binne al twa kear in tal wurken dêr opknapt. Besikers fan it Bonnefantenmuseum yn Maastricht kinne de restaurateurs oan it wurk sjen yn har atelier. It restaurearre wurk is takom jier te sjen yn it nije Fries Museum.

Saskia Uylenburgh (1612-1642) wie de frou Rembrandt. It portret fan Sophia Anna van Pipenpoy (likernôch 1618-1670) lit har sjen as famke fan in jier as alve. Fanwege har 'standing en societyfactor' is Sophia ien fan de haadpersoanen yn de útstalling oer de Fryske elite yn de 17de ieu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)