Sikehûzen foldogge oan easken

De Fryske sikehûzen foldogge oan de easken om maach- en termkanker behannelje te meien. Se sitte net by de 77 sikehûzen yn Nederlân dy't ophâlde moatte mei de behanneling fan dizze foarmen fan kanker. Dit is de útkomst fan in ûndersyk dat yn it blêd Medisch Contact publisearre is. De easken binne troch de Nederlandse Vereniging Medische Oncologie opsteld. De onkologen en sjirurgen fan de trije súdlike Fryske sikehûzen bliuwe saakkundich om't se ien team foarme ha om kanker te behanneljen. Alle Fryske sikehûzen wolle tenei mear spesjalisearje.