Gemeente mis mei beswier

© Bewurking Omrop Fryslân
De eardere gemeente Wûnseradiel hie wurk meitsje moatten fan in tal beswieren fan in Penjumer tsjin in bedriuw. Dat hat de Raad van State woansdei sein. De bewenner makke meardere kearen beswier by de gemeente om't it bedriuw him net oan de miljeufergunning hâlde soe. De gemeente fûn dat de man dêrmei ûnevenredich beslach lei op it bestjoerlik en amtlik apparaat en ferklearre de beswieren sûnder grûn. De Raad van State fynt dat de gemeente dêrmei de saak net serieus genôch naam. De gemeente Súdwest-Fryslân moat no opnij nei de beswieren sjen.