Langste stjoerde boarring

By De Gordyk wurdt freed de langste stjoerde buisboarring ea dien. Under de rûnwei troch komt in parselieding fan 1,2 kilometer te lizzen nei de wettersuvering ta.
It âlde rekôr is fan ferline jier. Doe waard by it Drachtsterplein yn Ljouwert in stjoerde boarring foar in buis oer 900 meter dien. Sokke boarrings kinne ûnder stoepen, fytspaden en beammen troch. Oannimmersbedriuw A. Hak fiert de boarring út. It bedriuw hat alwer in swierdere masine kocht om sokke boarrings tenei noch oer noch gruttere ôfstannen útfiere te kinnen.