Tuinstra wol wurkje mei talint

16 des 2011 - 11:23

Johnny Tuinstra fan Tsjummearrum wol him yn 'e takomst graach dwaande hâlde mei it begelieden fan oare riders en jonge talinten.

Tuinstra makke bekend dat er ophâldt mei iisspeedway op topnivo. Blessueres soargje derfoar dat er it foar him drege beslút nommen hat om der nei fyftjin jier mei op te hâlden.

Syn grutste sukses helle Tuinstra yn 2004 troch it winnen fan de Gouden Spike. En twa kear in njoggende plak yn in Grand Prix (2004 en 2009).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)