'Alvestêde-iishal yn Ljouwert'

16 des 2011 - 11:05

Ljouwert moat in nije iishal krije, sa hat de stichting IIshal Ljouwert freed bekend makke. De hal fan no is nei 31 jier oan ferfanging ta. De nije hal moat in Alvestêdehal wurde en hy moat ek duorsum wurde.

Ut in helberensûndersyk fan de stiching docht bliken dat 150.000 besikers yn it jier ferwachte wurde. No binne dat noch 100.000. De nije iishal kostet 13 miljoen euro. De provinsje, de gemeente Ljouwert, oare gemeenten en merkpartijen wurdt frege dat te beteljen.

De iishal kin net op de âlde foet fierdergean om't it guod dêr't it iis no mei kuolle wurdt yn 2015 net mear brûkt wurde mei. It foldocht net oan de strangere miljeu-easken.

Trefwurden: 
Ljouwert iishal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)