Ekstra kamerabewaking by flats

16 des 2011 - 10:38

Wenningkorporaasje Elkien pleatst ekstra kamera's yn en oan trije flats oan de Eikenstrjitte yn Ljouwert. Bewenners kleie de lêste tiid in soad oer stellerij út bergings en fernielings oan ûnder oare de liften. Der komme ekstra kamera's yn de sintrale hal, yn de liftkoaien en oan de bûtenkant fan de bergings.

Elkien hat ek in kontrakt mei in befeiligingsbedriuw. Dat folget de bylden en kin yngripe as it nedich is.

Trefwurden: 
Elkien bewaking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)