Famke mishannele troch eks

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert siket twa tsjûgen fan in mishanneling yn Ljouwert. Dêr waard tongersdeitemiddei om in oere of fiif op de Tesselschadestrjitte in 19-jierrich famke út Frjentsjer slein en skopt troch har eks-freon. De fertochte naaide út.
Twa froulju seagen it en se hawwe eefkes mei it famke praat. It slachtoffer is dêrnei fierder rûn. De plysje freget de twa froulju oft se harren melde wolle.