Staking op skoalle It Fean

15 des 2011 - 21:28
  • Website OSG Sevenwolden

Learlingen fan de OSG Sevenwolden op it Hearrefean stake nije wike woansdei. It LAKS, it lanlik aksjekomitee skoalbern, wol dan yn Amsterdam protestearje tsjin de saneamde 1040-noarm. Dat betsjut dat bern perfoarst 1040 lesoeren yn it jier krije moatte, wylst dat op dit stuit op 1000 lesoeren leit.

Neffens de bern krije se yn dy ekstra oeren dan gjin les, mar wurde se ophokt. De skoallen moatte nammentlik besunigje en hawwe dus gjin jild om leararen frij te meitsjen om ek echt les te jaan. Underwiisfakbûn AOB hat ek al aksjes oankundige. Op 26 jannewaris sille de leraren stake.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)