Underdûkersskilderij dûkt op

15 des 2011 - 19:02

By de kringloop op De Gordyk is in hiel spesjaal skilderij binnen kommen. It is in finearskilderij fan in boer mei in ierappelkoer op de skouders. It skilderij is makke troch in ûnderdûker foar de man dêr't hy yn 1944 by ûnderdûkt siet. Achterop it skilderij stiet dat it in jierdeiskado is.

It skilderij is foarearst net te keap by de Kringloop. Ien fan de frijwilligers wol earst mear te witten komme oer it skilderij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)