Miljoenen nei Wetsus

12 des 2012 - 09:33
  • Laboratoarium Wetsus

Wetterynstitút Wetsus en de Dairy Campus krije beide 19 miljoen út de pot fan de Suderseeline. Dit betsjut dat de bou fan de Dairy Campus by Nij Bosma Zathe yn Ljouwert begjinne kin. It is de bedoeling dat Wetsus nei 2016 nochris sa'n selde bedrach krijt. It jild is bedoeld om de Fryske ekonomy in ympuls te jaan. It moat de kommende jierren struktureel hûnderten nije banen opsmite. It giet dan om alle soarten fan wurkgelegenheid. Ek komme alle opliedings op it mêd fan wettertechnology en suvelyndustry nei Ljouwert ta.

De provinsje is fan doel de kommende tiid sels ek 13 miljoen euro te ynvestearjen yn bedriuwichheid om Wetsus hinne. Fan de goed 19 miljoen euro foar de Diary Campus komt 15 miljoen út de pot fan de Suderseejilden. De oare 4,5 miljoen euro sil brûkt wurde foar it opsetten fan lektoraten en nije opliedings by it Van Hall institút yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)