Boateopslach net neist natoer

11 des 2012 - 21:07

Fanwege skealike stoffen dy't op skippen brûkt wurde, moatte der gjin boaten opslein wurde neist natoergebiet de Warkumerwaard - dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan GrienLinks yn Súdwest-Fryslân. Dêrom wol de fraksje de bou fan in nije boateloads op It Soal yn Warkum keare. GrienLinks makket him soargen oer it gebrûk fan materialen as antyfouling mei skealike stoffen der yn. De fraksje wol in buffer hâlde tusken it natoergebiet en de jachthavens. De gemeenteried praat woansdeitejûn oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)