'Mear senioarewenten nedich'

11 des 2012 - 15:44

Der moatte folle mear wenten boud wurde foar âlderein. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ANBO, de Algemene Nederlanse Bond voor Ouderen. De helte fan de wenten dy't boud wurde, soe geskikt wêze moatte foar âlderein, mar dat wurdt lang net helle.

Yn Ljouwert driigje problemen. De stêd hat no noch wol genôch wenromte foar âlderein, mar in tal âldereinferienings hat yn 2011 al oanjûn dat der folle mear bykomme moat fanwege de fergrizing. Mei it rapport dat sy skreaun hawwe, is neat dien. Reden soe wêze, dat der gjin jild foar is.

Trefwurden: 
wenten ANBO senioaren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)