Publyksaksje foar Gryn
Natuermonuminten set definityf útein mei in publyksaksje foar de reparaasje fan de sândyk om it Waadeilantsje Gryn hinne. It eilân leit tusken Harns en Skylge. Ferline wike joech distriktshaad Overdijk fan Natuermonuminten by Omrop Fryslân al oan dat neitocht wurdt oer in publyksaksje om dêrmei in part fan de twa miljoen euro kostjende operaasje út te fieren.
Op de website fan Natuermonuminten stiet no in oprop om jild te stoarten. Dêrby wurdt dúdlik makke dat Gryn hiel wichtich is foar jonge seehûnen dy't noch leare moatte te swimmen.