Protte animo opfolging Arts

11 des 2012 - 14:42
  • SC Cambuur

Der is fanút de trainerswrâld in protte belangstelling om Alfons Arts op te folgjen by SC Cambuur. Neffens direkteur Gerald van den Belt stiet syn tillefoan readgloeiend. 'Sinds gister bekend werd dat Alfons na dit seizoen stopt, hebben zeker 30 trainers zich gemeld', sa seit Van den Belt.

Neffens de direkteur is dat in goed teken: 'De club staat er goed op in de voetbalwereld.' Omdat der ek plannen foar takom seizoen makke wurde moatte, hopet Van den Belt dat fluch dúdlik is wa't Arts opfolget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)