Natoer ferkocht op Flylân

11 des 2012 - 14:21

Flylân en Steatsboskbehear binne it iens wurden oer in wichtige grûnferkeap foar de leefberens op it eilân. De natoerbehearder ferkeapet in stik grûn by it doarp sadat der in nije skoalle komme kin. Dêroer tekenje regiodirekteur Sieben fan Steatsboskbehear en boargemaster Haan tiisdei in yntinsje-oerienkomst. It perseel dêr't it om giet, is in stik bosk mei net in hiel soad wearde foar de natoer.

Yn it nije gebou komme in basisskoalle, it fuortset ûnderwiis, de berne-opfang en in biblioteek.

Steatsboskbehear hat fan it begin ôf meiwurke omdat de nije skoalle wichtich is foar de mienskip op Flylân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)