Frouljuswedstriid wer ôflast

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De wedstriid fan it frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean tsjin Ajax giet tiisdeitejûn wer net troch. De wedstriid waard ôfrûne freed al ôfsein fanwege it minne waar. No wie der in nije lokaasje fûn, mar it keunstgersfjild fan ONS Snits foldocht ek net. Der leit nammentlik te folle snie op en dat mei der net samar ôfskood wurde.
It is de bedoeling dat de wedstriid no takom wike tiisdei spile wurdt. Wêr't dat wêze sil, is noch net bekend.