Krystpakket-aksje yn Ljouwert

11 des 2012 - 13:51

In groep tsjerklik aktive minsken út Ljouwert en Wurdum is dwaande mei in krystpakket-aksje foar minsken mei in leech ynkommen, dy't oars gjin krystpakket krije soene.
De groep dielt yn tsjerken lege doazen út, dy't fol wer weromkomme moatte op it sammelplak oan de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert.

De groep produsearret mei-inoar sa'n 450 krystpakketten, dy't mei help fan sosjale ynstellings lykas it Leger des Heils ûnder de doelgroep ferparte wurde. Neffens Rita Klamer is de groep earme Ljouwerters troch de krisis grutter wurden.

Yn de krystpakketten sit meast lang hâldber en ek wol wat lúkser iten en drinken. Alkohol sit der net yn, omdat klanten fan ferslavingssoarch ek by de doelgroep hearre. Minsken dy't in bydrage leverje wolle, bygelyks yn de foarm fan in krystpakket, kinne kontakt opnimme mei kerstaktieleeuwarden@gmail.com

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)