Joost Wiersma moat útwike

Fanfare Joost Wiersma © joostwiersma.nl
Fanfare Joost Wiersma hat foar it krystkonsert om oar plak sykje moatten. It konsert soe no sneon hâlden wurde yn It Wiid yn Earnewâld. Omdat de hoareka dêr fallyt gien is, moast der in oare lokaasje komme. Dy is fûn yn de Flambou yn Surhústerfean.
Joost Wiersma hie alle posters en flyers al drukke litten foar It Wiid en dy jouwe dus ferkearde ynformaasje. De fanfare hopet dat besikers op 'e tiid trochkrije dat it konsert yn Surhústerfean is.