F-16's botse hast opinoar
De fleanbasis yn Ljouwert sil ûndersykje oft twa F-16's fan de basis moandeitejûn hast opinoar botst binne. Dat barde by in oefening yn Dútslân.
Spotters hearden de piloaten 'near miss' tsjininoar sizzen. De basis sil ûnder oare de fluchtgegevens fan de fleantugen ûndersykje.