De Haan traint frouljusteam

10 des 2012 - 15:56
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan sil it frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean foar ien kear training jaan. De Haan ferfangt dêrmei haadcoach Jessica Torny dy't nei in kursus moat. De Haan begeliedt Torny en is ien kear yn de wike oanwêzich by de froulju.

Tiisdei spilet it frouljusteam de wedstriid tsjin Ajax dy't earder ôfsein wie. De wedstriid wurdt spile op it keunstgersfjild fan ONS Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)