Nepkollektanten fan 13 en 15

10 des 2012 - 12:28

De plysje yn Ljouwert hat sneintemiddei twa jonges út de haadstêd oanhâlden dy't seinen dat se oan it kollektearjen wiene. It giet om twa jonges fan 13 en 15 jier.

In bewenner fan de Kanadezenleane fertroude it net en belle de plysje. Dy seach harren op in galerij fan in flat rinnen. De jonges naaiden út. De lyts tritich euro dy't se ophelle hiene, is yn beslach naam. Tsjin de jonges is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)