40.000 foar Foppe tsjin Marco

Benefytwedstriid ‘Foppe vs. Marco’ © Omrop Fryslân
De opbringst fan de fuotbalwedstryd Foppe tsjin Marco dy't op 17 oktober yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean spile waard hat 40.000 euro opbrocht. It jild is bedoeld foar it Foppe Fûns en Kika. Foppe de Haan spile yn oktober mei in Frysk alvetal tsjin SC Hearrenfean. De opbringst waard snein bekendmakke by de wedstryd Hearrenfean-Roda JC. Yn it ramt fan it Foppe Fûns waard in sportrolstoel útrikt oan in jonge dy't de sykte fan Duchenne hat.