Flyers wint mei 1-0 by Geleen

10 des 2012 - 08:22

De iishockeyers fan De Friesland Flyers ha sneintejûn mei 1-0 wûn by Geleen. Troch dat resultaat hat de ploech fan trainer-coach Chris Eimers it tredde plak stevich yn hannen. De boppeste fjouwer ploegen yn de einstân stride letter om it kampioenskip fan Nederlân. De Flyers wiene yn Geleen de bettere ploech, mar it skoaren wie in toer. Yn de twadde perioade foel de iennichste goal. Ut in kombinaasje fan Tony Demelinne en Jerry Pollastrone makke Kevin Bruijsten foar de Feansters de winnende treffer.

Omdat keeper Martijn Oosterwijk foar de fjirde kear dit seizoen syn goal skjinhâlde koe ha de Flyers no seis punten mear as de nûmer fjouwer Geleen.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)