Twadde winst Mid-Fryslân

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha de twadde oerwinning yn de haadklasse binnen. Yn sporthal De Twine fan Grou waard Groen Geel mei 20-19 ferslein. Sa'n útslach jout spanning oan, mar dy wie der yn de earste 50 minuten net. De thúsploech spile noch net geweldich, mar wie wol better. Healwei wie it 10-8 en dy foarsprong waard yn it twadde bedriuw fergrutte. It waard 18-14 en 19-15, mar dêrnei gong it hast op 'e kop ferkeard mei Mid-Fryslân. It waard 20-19 en yn de lêste sekonde mocht Groen Geel noch in strafworp nimme. Dy bûtenkâns gong mis.