Gjin medaljes Fryske sprinters

09 des 2012 - 15:05

De Fryske sprinters ha op de twadde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Nagano gjin medaljes pakt. Marrit Leenstra einige op har twadde 1000 meter lykas sneon op it 5e plak mei in tiid fan 1.16.09. Margot Boer ferbettere har tiid en kaam út op 1.16.71, goed foar it 8e plak. Anice Das wie stadiger as sneon en waard mei 1.19.59 20e.

Op de twadde 500 meter einige Boer as bêste Friezinne op it 5e plak (38,35). Thijsje Oenema waard mei 38,55 10e. Leenstra klokte 38,68 en waard 14e. Das kaam út op 39,47, goed foar it 21e plak.

By de manlju einige Jesper Hospes op de twadde 500 meter lykas sneon op it sechsde plak yn de B-groep. Hy klokte in tiid fan 35.72 en wie dêrmei krekt wat rapper as sneon (35.73).

Yn it wrâldbekerklassemint fan de 1000 meter stiet Marrit Leenstra op it fjirde plak. De Amerikaanse Heather Richardson giet oan de lieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)