Nipte oerwinning follybalsters

09 des 2012 - 14:24

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneon mei 3-2 wûn fan Dynamo Apeldoorn. Yn Apeldoorn holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Om en om waarden de setoerwinnings ferdield. Der moast in beslissende fyfde set oan te pas komme om de winner oan te wizen.

Mei nipt ferskil wienen it úteinlik de froulju fan trainster Petra Groenland dy't oan it langste ein lutsen. De setstannen wienen 14-25, 30-28, 21-25, 25-23 en 14-16.

Troch de oerwinning hâldt Snits de oansluting mei de nûmer twa Irmato Weert. De Snitsers stean tredde mei 24 punten út 11 wedstriden. Irmato hat 1 punt mear. Koprinner Sliedrecht Sport sammele 28 punten út 10 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)