Woudagemaal fierder opknappe

09 des 2012 - 12:27

It Woudagemaal moat foar nochris 4,8 miljoen euro opknapt wurde, oars rekket it de status fan wrâlderfguod kwyt. De keardoarren driigje ferlern te gean. Al hawwe dy gjin funksje mear, se moatte behâlden bliuwe fanwege it monumintale karakter fan it stoomgemaal. Twa keardoarren binne by de eardere renovaasje opknapt, mar der moatte noch seis. Fierders moatte ûnder wetter reparaasjes útfierd wurden oan it mitselwurk fan de yn- en útlitten.

It stoomgemaal wurdt yn 2013 en 2014 opknapt. It ôfrûne jier is it foar goed 2 miljoen opknapt.

Trefwurden: 
Woudagemaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)