Rick Hofstra nei kwartfinale

09 des 2012 - 11:01

Darter Rick Hofstra fan Snits hat de kwartfinale helle op it Zuiderduin Masters-toernoai. Hy fersloech Benito van de Pas mei 5-1 en dat wie úteinlik genôch om pûlwinnaar te wurden. Hy spilet sneintemiddei om in plak by de lêste fjouwer tsjin de as nûmer ien pleatste Alan Norris.

Dyselde Norris wie mei 5-0 te sterk foar Dennie Bos fan Aldeberkeap. De Ingelsman smiet ûnder oare in finish fan 170, it heechst mooglike. Foar Bos is it toernoai no dien. Dat jildt ek foar junior Mats Gies fan Wierum dy't syn pûl ek net trochkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)