Deadlik ûngelok A32

By in ûngelok op de A32 is sneon in 45-jierrige man út Kampen ferûngelokke. Dat barde tusken de ôfslach Snits en Grou. It slachtoffer rekke fan de dyk, sloech in pear kear oer de kop en bedarre op de kop yn de sleat.
Dûkers fan de brânwacht hawwe de bestjoerder út de auto helle. It slachtoffer waard nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht. Letter waard dúdlik dat de bestjoerder oan syn ferwûnings ferstoarn is. De A32 wie op it momint fan it ûngelok glêd. Der rekken mear auto's fan de dyk, mar yn dy gefallen ûntstie allinnich blikskea.