Aris te sterk foar Weert

08 des 2012 - 22:54

De Ljouwerter basketballers fan Aris hawwe sneontejûn mei 98-91 wûn fan Weert. Dochs kaam Aris net goed út de startblokken. Coach Erik Braal: "Maar het is een kwaliteit dat als je zelf niet goed speelt, je de tegenstander ook slecht laat spelen."

Nei it earste kwart wie der in lytse foarsprong foar Weert (16-17). Dêrnei kaam Aris wol op foarsprong, mar koe it nea echt fuortrinne. Dat kaam fral omdat der yn de twadde helte min ferdigene waard. It is de twadde oerwinning op rige foar de ploech fan coach Erik Braal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)