Kâns op glêdens troch izel

08 des 2012 - 16:50

Waarman Pyt Paulusma warskôget foar glêde diken troch wiete snie en izel. Dat waar sil sneontejûn en -nacht komme. Yn it Waadgebiet kin it al earder wêze. Troch de snie en izel kin it glêd wurde. Sneontejûn is it earst noch in graad ûnder nul, letter dy nachts folget teiwaar mei 4 oant 6 graden boppe nul. De súdwestlike oant westlike wyn nimt ta oant krêftich.

Takom wike kwakkelwaar en glêdens. It wurdt stadichoan kâlder mei lichte nachtfroast. Op de measte dagen in pear sniebuien.

Trefwurden: 
izel rein wiete snie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)