Iepenloftspul fan De Oerfal

08 des 2012 - 16:36

Ald-fersetsman Gerrit Fokkema (89) krijt in wichtige rol yn it iepenloftspul De Oerfal dat takom jier spile wurdt yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It stik oer de befrijingsaksje yn 1944 fan 51 finzenen fan de Dútsers troch it ferset, is basearre op de ferneamde film út 1962. Fokkema is de lêste no noch libjende finzene dy't befrijd waard.

Hoewol't De Oerfal oer in tige oangripend barren giet, wurdt it wol in famyljefoarstelling mei ek humoristyske sênes. De presintaasje wie sneon yn De Blokhúspoarte. Dêr wiene 45 dielnimmers by.

Sneon is it op 'e kop ôf 68 jier ferlyn dat it ferset de spektakulêre befrijingsaksje útfierd hat. De opfiering fan it Frysktalige stik De Oerfal sil yn augustus 2013 wêze.

Trefwurden: 
De Oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)