Bobsliders 20e yn Winterberg

Bobslydzjen, twamansbob, Sybren Jansma, Edwin van Calker © Marc van Veen
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is sneon as twintichste einige mei de twamansbob by de fjirde wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Winterberg. Tegearre mei stjoerman Edwin van Calker kaam Jansma foar it earst wer yn aksje nei de hamstringblessuere dy't Van Calker twa wike ferlyn oprûn yn it Kanadeeske Whistler. Troch de blessuere moast Jansma de slide allinnich fuorttriuwe by de start. De starttiden wienen dêrtroch in stik minder as gewoanwei.
De winst yn Winterberg wie foar it Switserske duo Beat Hefti en Thomas Lamparter.
Jansma en Van Calker pakten by de earste wrâldbekerwedstriid bobslydzjen yn Lake Placid in Olympyske nominaasje. Snein komt Jansma opnij yn aksje, dan yn de fjouwermansbob.