Rappe boat Flylân ferfalt
De sneltsjinst fan en nei Flylân komt snein te ferfallen. Dat hat rederij Doeksen besletten mei it each op de ferwachte waarsomstannichheden.
Der fart moarn wol in ekstra gewoane boat. Dy giet moarns om sân oere fan Flylân en giet om njoggen oere wer nei it eilân ta.