Flyers ferliest fan koprinner

© awfoto.nl
De iishockeyers fan de Friesland Flyers hawwe freed op eigen iis mei 5-2 ferlern fan koprinner Tilburch. Oan 'e ein fan de earste perioade kamen de Flyers op foarsprong troch in doelpunt fan Jeffrey Martens. Nei it skoft gie it lykwols mis by de Friezen. Ut in powerplay-sitewaasje makke Tilburch de lykmakker. Fuort dêrnei skoarde de koprinner opnij en rûn Tilburch yn de twadde perioade út nei in komfortabele 4-1 foarsprong. Krekt foar tiid tekene Martens foar syn twadde treffer. It slútstik wie opnij foar Tilburch dat oertsjûgjend wûn.
Troch it ferlies sjocht de ploech fan coach Chris Eimers it gat mei Tilbuch en Den Haach grutter wurden. De Flyers stean mei 28 punten op it tredde plak. Tilburch giet oan kop mei 38 punten. Den Haach stiet twadde op 1 punt efterstân.