Drugsdealer stelt I-Phone

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Yn in winkel oan de Centrale yn Ljouwert is freed in 24-jierrige Dokkumer oanhâlden omdat er in I-Phone stellen hie. Doe't de plysje him fûillearde, die bliken dat er drugs by him hie en ek noch in waachskaal en in tabletmasine. Dat ark brûke drugsdealers foar harren hannel. De man hie speed en pillen by him.
De man brûkte in spesjale tas foar syn stellerij sadat it alarm net ôfgean soe. Meiwurkers fan de winkel hiene him op tiid yn de gaten. De Dokkumer sit fêst foar ûndersyk.